K-9 Mail is in iepen boarne e-mailclient dy’t mei frijwol elke e-mailprovider wurket.
Funksjes
* Stipe foar meardere accounts
* Globaal Postfek Yn
* Privacybewust (gjin inkelde trasearring, makket allinnich ferbining mei jo e-mailprovider)
* Automatyske eftergrûnsyngronisaasje en pushmeldingen
* Lokaal en server-side sykje
* OpenPGP-e-mailfersifering (PGP/MIME)
Ynstallearje de app OpenKeychain: Easy PGP om jo e-mailberjochten te fersiferjen/dekodearjen mei OpenPGP.
Stipe
As jo problemen hawwe mei K-9 Mail, freegje dan om help yn ús stipefoarum.
Wolle jo helpe?
K-9 Mail is in troch de mienskip ûntwikkele projekt. As jo ynteressearre binne om te helpen de app te ferbetterjen, doch dan mei!
Jo kinne ús bugtracker, boarnekoade en wiki fine op https://github.com/thunderbird/thunderbird-android.
It docht ús altyd goed om nije ûntwikkelers, ûntwerpers, dokumentalisten, oersetters, flateranalisten en freonen wolkom te hjitten.